Undersyk nei ynbraak Lemmer

De plysje ûndersiket in bedriuwsynbraak yn in kleansaak oan de Schulpen op De Lemmer. Dêr is yn de nacht fan moandei op tiisdei in grutte partij merkklean stellen. Om in oere as fjouwer is in rút fernield en sa binne de ynbrekkers der yn kommen. Der binne jassen, bloeskes en petten meinommen. Doe't de plysje kaam, wiene de ynbrekkers al útnaaid. In buertûndersyk hat oant no ta noch neat opsmiten.