Nominaasje as sportgemeente

28 aug 2013 - 11:55

Ljouwert is ien fan de fjouwer kânshawwers op de titel 'Het beste initiatief Sportgemeente 2012/2013'. Dat is in titel dy't de gemeente krije kin fanwege in plan dat se hawwe om de ynwenners oan it sporten te krijen. De nominaasje hat de gemeente te tankjen oan de wyk Nijlân. Nijlân is oandachtswyk dêr't de ynwenners minder sporte as yn de rest fan it lân. Sportclubs yn dy wyk ha no it plan om mear meiïnoar gear te wurkjen om sa Ljouwerters wer oan it bewegen te krijen. Op 25 desimber wurdt de winner bekend makke.

Neist Ljouwert binne de gemeenten Enschede, Den Bosch en Sittart-Geleen yn de race.

Trefwurden: 
Ljouwert sport Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)