'Enerzjy-akkoart is in begjin'

It nije enerzjy-akkoart is foar Fryslân 'in stapke yn 'e goede rjochting'. Dat seit Bouwe de Boer, amtner duorsume enerzjy. It akkoart fan it regear lekte tiisdei út, begjin septimber moat it definitive akkoart klear wêze. De Boer is ynnommen mei it akkoart op it mêd fan sinne-enerzjy. Minsken dy't gjin romte ha foar sinnepanielen op it hûs kinne fan takom jier ôf dielnimme yn sinnepanielkoöperaasjes. Dat koe earst net.
De helte fan 'e huzen yn Fryslân is ûngeskikt foar de panielen. Hy fynt dat it akkoart tekoartsjit wat grien gas oangiet.
Yn it akkoart wurdt neat sein oer de aksynzen fan dit gas. In miste kâns om't 1200 auto's yn Fryslân op grien gas ride.