Bekeurings yn Snits
De plysje hat tiisdeitemiddei yn Snits ferskate bestjoerders bekeurd. Ien automobilist is oanhâlden om't syn auto tefolle leven makke. By kontrôle die bliken dat de man noch jild betelje moast oan de belesting. Doe is syn wein yn beslach nommen. Oare bekeurings wienen der foar it net handsfree beljen, te hurd ride en it net dragen fan de riem.