Jongerius by ekspo oer Ming

28 aug 2013 - 10:36
Wurk fan Hella Jongerius - Foto: Princessehof

De útstalling 'Het mysterie Ming' yn Princessehof yn Ljouwert wurdt ferlingd fanwege it grutte sukses. De eksposysje yn it keramykmuseum wurdt boppedat útwreide mei in tal wurken fan ûntwerpster Hella Jongerius. Sy liet har ynspirearje troch de tradisjonele patroanen fan Mingfazen út de kolleksje en jout der in eigentiidske draai oan. De útstalling rint no oan en mei 5 jannewaris 2014.

(Advertinsje)
(Advertinsje)