Botsing by Eanjum

28 aug 2013 - 10:10

By Eanjum binne tiisdeitemiddei trije minsken ferwûne rekke by in botsing tusken twa auto's. In frou (66) út Wâldsein ferliende op de H.M. Gerbrandywei gjin foarrang oan in bestjoerder (47) út Dokkum. De frou en in passazjiere (72) rekken beknypt. De brânwacht helle se út de auto en se binne, lykas de Dokkumer, nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
plysje botsing Eanjum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)