Opnij staking by Van Wijnen

28 aug 2013 - 08:43

De meiwurkers fan boubedriuw Van Wijnen hawwe woansdeitemoarn tusken 7 oere en 7.30 oere opnij it wurk dellein. De stakers fregen dekollega's in petysje te tekenjen dy't Van Wijnen opropt in fatsoenlik sosjaal plan mei de fakbûnen ôf te praten. Dit fynt plak op de bou fan Van Wijnen oan it Oostergoplein yn Ljouwert.

Foar de twadde kear yn in koart skoftke tiid hat Van Wijnen it ûntslach oanfrege foar 15 Fryske wurknimmers. De earst oanfraach is wegere troch it UWV.

Trefwurden: 
Drachten Van Wijnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)