Lêste kâns Drachtsterfeart

28 aug 2013 - 07:38

Inisjatyfnimmers fan in boargerynisjatyf oer it Drachtsterfeartplan roppe de befolking op om woansdeitejûn nei de kommisjegearkomste fan Smellingerlân te kommen. Sy sjogge dy gearkomste as in lêste mooglikheid om de plannen te feroarjen. It plan is dat it wetter oan it karriljon ta komt, mar ûndernimmers oan it Mûnein wolle dat de feart koarter wurdt, sadat der oan de ein romte oerbliuwt foar in pleintsje.

Neffens de betinkers fan it alternative plan driget der no in saai, dea stikje Drachten te ûntstean, dat boppedat ek ûnfeilich is.

It boargerynisjatyf waard earder al 'niet ontvankelijk' ferklearre troch de gemeenteried, mar it stiet woansdeitejûn dochs wer op de aginda.

Trefwurden: 
Drachten Drachtsterfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)