Gearwurking Ljouwert en Delft

27 aug 2013 - 21:05

Ljouwert en Delft sille gearwurkje op kultureel mêd. Doel is om mear toeristen te lûken. Wethâlder Diks fan Ljouwert en wethâlder Junius fan Delft ha dêrfoar tiisdeitejûn in yntinsjeferklearring ûndertekene. Isabella Diks tinkt oan in gearwurking tusken musea. Fierders binne der in soad saken dy't beide stêden mienskiplik hawwe. Bygelyks de bân mei de Nassaus, de grêften en it porslein. Yn 2015 bestiet it keninkryk Nederlân 200 jier. Der wurdt troch beide wethâlders oer neitocht om tegearre in projekt op te setten.

Trefwurden: 
Ljouwert musea Delft
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)