Hinnepykje bliuwt earst iepen

Pjutteboartersplak It Hinnepykje yn Snits bliuwt foarearst iepen. Dat lit wethâlder Sinnema fan de gemeente Súdwest-Fryslân witte. Omdat der by it Hinnepykje allinnich mar frijwilligers wurkje, soe it pjutteboartersplak neffens de regels yn septimber de doarren slute moatte. De gemeente is it hjir net mei iens en freget yn in brief oan minister Asscher oft der ek in útsûndering makke wurde kin foar It Hinnepykje.
Salang der gjin antwurd is bliuwt it boartersplak iepen.
Begjin dit jier die bliken dat it pjutteboartersplak net mear oan de regels foldocht, omdat yn in nije wet stiet dat der by pjutteboartersplakken op syn minst ien betelle krêft wurkje moat.