Twa himpkwekerijen oprôle

Himp © ANP
De plysje Fryslân hat tiisdei yn gearwurking mei de lânmacht en in drugs- en jildhûn twa himpkwekerijen oprôle. Yn Frjentsjer waarden 56 planten oantroffen en op It Hearrenfean 700 planten. Ek yn Winaam, Peins en Berltsum is hússiking dien. Der waard op ferskate plakken ridlike bedragen oan jild oantroffen en der binne sieraden en auto's yn beslach naam.
Mei-inoar binne fiif fertochten oanholden. It giet om fjouwer manlju fan Winaam, Frjentsjer en It Hearrenfean. De frou komt fan It Hearrenfean. De himp en apparatuer binne ferneatige.
De plysje slút net út dat der mear oanhâldings folgje sille yn dizze saak.