Frou ferwûne by oanriding
Op De Lemmer is tiisdeitemiddei in frou (56) út de gemeente Skarsterlân ferwûne rekke by in oanriding. De frou fytste oer it fytspaad fan de Plattedyk op De Lemmer. In automobiliste (41) fan De Jouwer seach it slachtoffer net op it moment dat dy ôfslaan woe.
De fytster is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.