Syktocht nei twa jonkjes

Burgernet © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hat oan it begjin fan 'e middei in syktocht west nei twa jonkjes fan 6 en 7 jier âld. De twa wiene om tolve oere fuortrûn fan in skoalplein oan de Wilaarderbuorren. Neidat de skoalle de fermissing meld hie, waard der troch de plysje in Burgernetaksje begûn. Uteinlik waarden de jonkjes fûn troch ien fan de memmen, dy't mei in learkrêft in syktocht yn de buert fan de skoalle hold.
Neffens de plysje hawwe de jonkjes neat oan har aventoer oerhâlden.