Saak deade Harns foar rjochter

27 aug 2013 - 11:18

De rjochtbank ferwachtet ein novimber de saak te behanneljen oer de man, dy't op twadde pinksterdei dit jier deaslein waard yn in hûs yn Harns. It slachtoffer is in 34-jierrige Harnzer. In man út Harns hat yntusken bekend by syn dea belutsen te wêzen. Justysje sjocht in frou út Makkum ek as fertochte. Sy ûntkent lykwols.

Tiisdei by in koarte behanneling fan de saak frege de advokaat fan de frou om frijlitting fan syn kliïnt oant de ynhâldlike behanneling yn novimber. De rjochtbank wiisde dat fersyk ôf.

Trefwurden: 
Harns rjochtbank geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)