Lytse musea ferlieze subsydzje

27 aug 2013 - 10:52

Aldheidkamer Boalsert, houtboumuseum De Helling yn Heech, it Bakkerswinkeltsje yn Molkwar, toankeamer it Ponthûs yn Starum en it Earste Fryske reedrydmuseum yn Hylpen. Dizze fiif musea yn Súdwest-Fryslân sille op termyn gjin subsydzje mear krije. Wethâlder Wigle Sinnema wol allinnich subsydzje jaan oan musea dy't registrearre binne by it Museumregister Nederlân. De fiif lytse musea hearre dêr net by.

By it Ponthûs yn Staveren giet it om in subsydzjeferlies fan in pear tûzen euro's.

It Ponthûs hat noch trije jier de tiid om dat jild earne oars te finen. Visser ferwachtet ek in soad fan de gearwurking mei oare musea yn 'e gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)