Wer staking yn metaalsektor

27 aug 2013 - 09:42

Fan 20 septimber ôf wurdt der wer staakt yn de metaalsektor. Meiwurkers komme dan yn it hiele lân yn aksje foar in bettere CAO. Op 21 juny wie der ek in grutte staking. Doe leine yn Fryslân goed hûndert wurknimmers yn de metaalsektor foar in pear oeren it wurk del. Dat barde doe by Stertil yn Koatstertille, Damen yn Burgum en Harns en by ICON en Shipdock yn Harns.

Neffens de fakbûnen is de kâns grut dat meiwurkers by dizze bedriuwen op 'e nij meidogge oan de stakings.

Trefwurden: 
staking metaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)