Garaazje útbaarnd yn Ballum

26 aug 2013 - 20:39

In garaazjeboks fan in hús oan de Smittewei yn Ballum op It Amelân is moandeitejûn by in fûle útslaande brân ferlern gien. De brân wie sa grut dat beide korpsen fan it eilân oproppen waarden om it fjoer te bestriden. De reekwolken wiene fan grutte ôfstân te sjen. Der waard ek in ambulânse oproppen, mar dy hoegde net yn aksje te kommen, der is net ien ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
brân It Amelân Ballum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)