Gjin fuotbal op droege fjilden

26 aug 2013 - 19:24

De gemeente Tytsjerksteradiel hat besletten dat de sportfjilden yn de gemeente oant sneon 7 septimber net brûkt wurde meie. De fjilden binne sa droech dat it net langer ferantwurde is om der wedstriden op te spyljen. Allinnich de oefenhoeken meie noch wol brûkt wurde.

Foar de klups betsjut it dat alle wedstriden út spile wurde moatte, mar as twa klups út Tytsjerksteradiel tsjin elkoar moatte is dat ek net de oplossing. It bekerprogramma komt troch de maatregel dan ek yn de knoei.

Nije wike wurdt opnij besjoen oft de fjilden noch langer ticht bliuwe moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)