Wurkbesite PvdA oan Fryslân

26 aug 2013 - 16:06

De Twadde Keamerfraksje fan de PvdA en de ministers en steatssiktarissen fan de partij komme fan 'e wike op wurkbesite yn Fryslân. Se sette woansdeimiddei yn Snits útein en slute freed yn Ljouwert ôf, by boargemaster Crone. Der wurde tal fan gemeenten, ynstellings, organisaasjes en bedriuwen besocht. Fierder is der romte foar fertier, lykas boatsjefarre op de Snitsermar.

De PvdA Twadde Keamerfraksje en ministers begjinne it parlemintêre jier altyd mei in mienskiplike aktiviteit om in oantal saken te bepraten.

Der wurdt ûnder oare praten oer de gemeentlike weryndielings.

Trefwurden: 
PvdA wurkbesite
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)