'Oergong jeugdsoarch net min'

Deputearre Tineke Schokker ferwachtet gjin miljoenestrop by de oergong fan de jeugdsoarch fan it Ryk nei de gemeenten yn 2015. De lanlike jeugdsoarchorganisaasje tinkt dat in soad meiwurkers dien krije en dat gebouwen leech komme te stean. Dit soe in strop fan in heal miljard euro opsmite kinne foar it Ryk. Schokker hâldt har dwaande mei it projekt.
De provinsje stipet de gemeenten by it opstellen fan de plannen foar de oergong. Dy moatte yn oktober klear wêze.
Schokker tinkt net dat de nije organisaasje fan de jeugdsoarch min útpakt foar pasjinten en meiwurkers.