Yntroduksje foar studinten

26 aug 2013 - 14:21

Goed trijetûzen earstejiers studinten komme moandei yn de kunde mei Ljouwert as studintestêd. De yntroduksjedei mei de namme Leip! is organisearre troch alle hegeskoallen yn de stêd. Moandeitemoarn wie der in programma dat troch de hegeskoallen fersoarge is. Moandeitemiddei binne de studinten yn it sintrum te finen foar in aktyf programma.

Op fjouwer lokaasjes yn de stêd binne aktiviteiten. De studinten binne ferdield yn fjouwer groepen fan 750 studinten. Ek is der moandeitejûn noch in BBQ op it Saailân en in muzykjûn yn De Harmonie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)