'Tún Abe Bonnema fertutearze'

De tún by it hûs fan Abe Bonnema yn Hurdegaryp moat folle better ûnderhâlden wurde. Dat sizze ynwenners fan dat doarp. Abe Bonnema wie in ferneamde Fryske arsjitekt dy't ûnder oaren it ûntwerp fan de Achmeatoer makke hat. It hûs dêr't Bonnema sels wenne is ek in bysûnder bouwurk, mar omwenners fine dat de tún der fertutearze útsjocht. It gers stiet te heech en de hagen wurde net faak knipt.
Monuminteferiening Hendrick de Keijser hat it behear oer it hûs en hat ek ferskate klachten binnenkrigen.
De feriening lit witte dat it ûnderhâld fan de tún de ferantwurdlikheid is fan de hierder fan it hûs.