Nominaasje foar Campina

26 aug 2013 - 09:03

FrieslandCampina is ien fan de fiif bedriuwen dy't nominearre is foar de titel 'Liegebeest' fan 2013. Dat is in inisjatyf fan Wakker Dier. Oare nominearren binne Albert Heijn en McDonald's. De priis is bestimd foar bedriuwen dy't harren klanten neffens Wakker Dier ferkeard foarljochtsje oer harren produkten.

FrieslandCampina is nominearre omdat it suvelkonsern yn in tillevyzjereklame foar molke, in hiel soad kij yn 'e greide sjen lit. Neffens Wakker Dier meie der hieltyd minder kij nei bûten. It publyk kin stimme op ien fan de nominearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)