Steenstra wint Van Aismapartij
De Van Aismapartij foar de manlju yn Bitgum is snein in proai wurden foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Cornelis Terpstra waard útroppen ta kening.
De lytse preemje yn Bitgum wie foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger, dy't yn de heale finale mei 5-4 en 6-6 ûnderút gongen tsjin it partoer fan Van der Meulen en-dy.
Trefwurden:
keatsen Gert-Anne van der Bos Van Aismapartij Tjisse Steenstra Johan van der Meulen Herman Sprik