Auto tsjin beam by Wergea

Auto tsjin beam by Wergea © Robert Jan Boonstra
By Wergea is sneintemiddei in autobestjoerder ferwûne rekke doe't er op de Warstensterdyk mei de auto tsjin in beam ried. De helptsjinsten waarden even nei twa oere oproppen. Ut Ljouwert wei kamen plysje, brânwacht en twa ambulânses. Yn Grins waard de traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen by it ûngelok en koe werom.
De ferwûne bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De dyk hat oant sawat healwei fjouweren ta ôsletten west foar ûndersyk.