Potfiskfoto's yn Harns

25 aug 2013 - 13:07

Op de iepen dei yn de fiskfeiling yn Harns op 31 augustus binne foto's te sjen oer de potfisk dy't ein july oanspielde op Skylge. It binne foto's fan it momint fan oanspielen oant it út elkoar snijen en preparearjen fan it bist. It giet om foto's fan ferskate fotografen.

Op de útstalling binne ek tosken fan in potfisk te sjen. Minsken kinne boppedat meitinke oer de namme fan de potfisk.

Trefwurden: 
potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)