Matrassen net by oar ôffal

25 aug 2013 - 13:04

Alde matrassen dy't oanbean wurde by de miljeustrjitte yn Frjentsjer, wurde tenei apart hâlden fan it oare ôffal. Dat hawwe de gemeenten Frjentsjerteradiel, Harns en Littenseradiel ôfpraat mei ôffalferwurker Omrin. Wannear't de matrassen apart ynlevere wurde, kin 95 persint derfan op 'e nij brûkt wurde.

It giet earst om in proef. Ein dit jier wurdt besletten oft it systeem definityf ynfierd wurdt. Yn Fryslân wurde likernôch 50.000 matrassen yn it jier ferfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)