Oprop foar taalideeën Frysk

© ANP
De gemeente Littenseradiel ropt ynwenners op om mei ideeën te kommen om it gebrûk fan it Frysk te stimulearjen. De gemeente docht mei oan de Taalbeliedspriis 2013, in inisjatyf fan it projekt Gemeenten & Frysk fan de Afûk. Gemeenten moatte dêrfoar taalideeën ynstjoere. De taalbeleidspriis wurdt útrikt oan de gemeente dy't mei it bêste taalidee komt. Dy krijt 2500 euro om it plan ek echt út te fieren.
De ideeën fan de ynwenners moatte foar 20 septimber binnen wêze by de gemeente Littenseradiel.