Oanrider kuierder meldt him

25 aug 2013 - 12:42

De bestjoerder dy't freedtejûn by Bontebok belutsen wie by in oanriding, hat him melden by de plysje. Dat hat de plysje fia twitter witte litten. De man ried freedtejûn in 52-jierrige Snitser oan op de Earste Kompanjonswei by Bontebok. It slachtoffer kuiere dêr mei syn frou doe't er fan achteren oanriden waard troch de automobilist. Dy ried dêrnei troch.

De Snitser hie ferskate ferwûnings en waard behannele troch ambulânsepersoniel. De autobestjoerder hat him snein melden op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Bontebok kuierder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)