Cambuur ferliest fan Zwolle

25 aug 2013 - 00:19

SC Cambuur ferlear sneontejûn de útwedstriid tsjin PEC Zwolle mei 2-0. De oerwinning fan PEC Zwolle krige pas yn de twadde helte stâl. Krekt yn in faze dat Cambuur de wedstriid ûnder kontrôle like te hawwen, skoarde Fernandez yn de 69e minút foar Zwolle. Dêr gie, sa joech de skiedsrjochter nei ôfrin ek ta, hands oan foarôf, mar de goal waard goedkard.

Yn de 78e minút smiet Achente de wedstriid yn it slot, fia in penalty nei in oertreding fan Van der Laan op Drost yn de 16 meter. Cambuur hat no 4 punten út 4 wedstriden.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)