Rein fersteurt NK fierljeppen

Troch reinich waar leit de wedstriid by it NK fierljeppen yn Polsbroekerdam al sûnt fiif oere fan 'e middei stil. Yn de foarrondes moatte noch trije sprongen ljept wurde by de manlju, de junioaren en de froulju.
De organisaasje wachtet oant it droech wurdt. Nei alle gedachten sil der dan gjin finale mear ljept wurde. It klassemint nei de trije sprongen yn de foarrondes is yn dat gefal beslissend by de ferdieling fan de prizen.
Thewis Hobma giet by de manlju mei 20,45 meter oan de lieding. By de junioaren ljepte Rian Baas mei 19.35 oant no ta it fierste. By de jonges stiet Ricardo Faaij mei 18.13 yn winnende posysje. By de froulju giet Hilliane van der Wal mei 15.10 meter oan kop.