Debutant ONS mei 3-0 ûnderút

24 aug 2013 - 16:28

Debutant ONS Boso Snits is de kompetysje yn de topklasse sneon útein set mei in 3-0 ferlies tsjin Scheveningen. De thúsploech kaam nei in goed healoere op foarsprong. Fiif minuten letter stie ek de 2-0 op it boerd. Op slach fan rêst wie it opnij Scheveningen dat trefseker wie en mei in komfortabele 3-0 foarsprong de klaaikeamer opsocht.

Nei it skoft soargen wiksels Sandor van der Heide en Chris de Wagt foar mear gefaar by ONS. Nettsjinsteande de fernijde kriich bleau de Snitser earetreffer út.

Nije wike sneon stiet de thúswedstriid tsjin IJsselmeervogels op it programma.

Trefwurden: 
fuotbal ONS topklasse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)