Wylde ponnys sykje nije baas

24 aug 2013 - 16:27

Opfangstichting Exmoorpony siket nije eigeners foar fjirtjin wylde Exmoorponnys. De bisten rûnen om op de Dellebuorsterheide by Aldeberkeap. Mar de behearder fan it gebiet, It Fryske Gea, fynt dat der te folle binne en woe se nei de slacht bringe. De stichting Exmoorpony hat de bisten no opnaam en wol se 'foar adopsje' oanbiede.

De stichting hie sneon in iepen dei. Dêr koene potensjele nije eigeners alfêst tips krije yn it omgean mei in wylde Exmoorponny.Fan it âlde Exmoorponnyras binne mar twatûzen eksimplaren oer.

Dêrom fynt de stichting it wichtich dat de bisten net nei de slacht gean. Gerda Versloot fan de stichting Exmoorpony stekt sels in protte tiid en jild yn de opfang fan de wylde ponnys, mar dat kin se ek finansjeel net folhâlde. De iepen dei wie ek bedoeld om mear donateurs te krijen. Om de winter troch te kommen is in bedrach fan 1500 euro nedich.

Trefwurden: 
pony Stichting Exmoorpony
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)