Oppakt foar drugs en fjoerwurk

GHB
De plysje yn It Hearrenfean hat freedtenacht trije manlju oanhâlden foar it besit fan drugs en fjoerwurk. De plysje krige in melding fan in ynbraak yn in hûs oan de Badwei. Doe't de plysje oankaam, die bliken dat it gie om twa bewenners fan 22 en 27 jier fan It Fean en in 32-jierrige man sûnder wenplak. Se hiene in rút út it hûs helle om deryn te kommen.
By de manlju leine in soad drugs lykas GHB en speed. De twa bewenners sitte noch fêst, om't se fertocht wurde fan drugshannel. De tredde man is frijlitten.