Autospegel rekket kuierder

24 aug 2013 - 14:34

In 52-jierrige Snitser is freedtejûn by Bontebok oanriden troch in auto. De bestjoerder ried nei it ûngelok troch. De klap wie sa hurd dat de auto, in blauwe Volkswagen Golf, de linkerspegel ferlear.

De Snitser kuiere mei syn frou oer de Earste Kompanjonswei, doe't er fan achteren oanriden waard. De man rekke ferwûne oan 'e earm en hie lêst fan de rêch. Hy is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele. De plysje siket de bestjoerder fan de Golf.

Trefwurden: 
Bontebok kuierder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)