Pistoalen yn beslach naam

Pistoal © Omrop Fryslân
In 61-jierrige Ljouwerter en syn 27-jierrige soan binne freedtejûn oanhâlden om't se ferbeane wapens hiene. De plysje krige in melding dat de 61-jierrige man yn de Accamastrjitte ien bedrige hie mei in pistoal. De plysjes hâlden de man yn de buert oan.
De man hie in plestik pistoal by him. Ut ûndersyk die bliken dat er in twadde pistoal by syn soan te lizzen hie. Dat is in ferbean balletjespistoal, dat op in echt pistoal liket. De pistoalen binnen yn beslach naam. De beide mannen sitte fêst.