'Posysje Terpstra stiet faai'

24 aug 2013 - 11:33

De posysje fan Doekle Terpstra as foarsitter fan de KNSB stiet faai. De kâns is grut dat de lederied fan it reedridersbûn it betrouwen yn de Fries-om-útens opseit. Dat seit Johannes de Vries fan Grou. Hy is ien fan de trije Fryske leden fan de lederied. Woansdei moatte Doekle Terpstra en de rest fan it KNSB-bestjoer harren ferantwurdzje foar de lederied.

De Vries hat grutte krityk op it funksjonearen fan Terpstra. Neffens him komt de KNSB-foarsitter beloftes net nei.

Yn it Algemeen Dagblad fan sneon stiet in stik oer it optreden fan Terpstra by de wedstriid tusken Thialf op It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer. Ut ynterne KNSB-mail soe bliken dwaan dat Terpstra akkoart gien wie mei de kar foar Almere, wylst er nei bûten ta sei dat it rapport dêr't yn keazen wurdt foar Almere, net doocht. De KNSB-bestjoerder soe dêrmei Fryslân falske hoop jûn hawwe. Terpstra soe him neffens it AD b hawwe oer hoe't er it beslút om foar Almere te kiezen, ferdigenje moast by it Fryske KNSB-bestjoer.

Trefwurden: 
KNSB Doekle Terpstra Terpstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)