Húshâlding ferwûne by ûngelok

Plysje-embleem © ANP
By in ûngelok op de Nije Fjildwei op It Hearrenfean binne sneontemoarn fjouwer minsken ferwûne rekke. De auto der't se yn sieten, rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en sloech oer de kop.
De ynsittenden, in man en frou fan 42 en 40 jier en harren bern fan 15 en 19 jier, kamen klem te sitten yn de auto. De brânwacht moast derby komme om harren út de auto te heljen. De slachtoffers binne nei it sikehûs ta brocht. Der wie neffens de plysje gjin drank yn it spul.