Cootje van Beukering ferstoarn

Frou Van Beukering tegearre mei Joop Mulder fan it Oerolfestival © Omrop Fryslân
De eardere boargemaster fan Skylge Cootje van Beukering-Dijk is freed yn 'e âldens fan 71 jier yn Amsterdam ferstoarn. Se wie fan 1988 oant en mei 2002 boargemaster fan Skylge. Frou Van Beukering is yn Enschede berne. Se studearre taal- en letterkunde yn Leiden en Grins en kaam yn 1966 nei Drachten. Se waard foar de VVD riedslid yn Smellingerlân. Yn 1982 waard se lid fan povinsjale steaten.
Nei har ôfskied yn 2002 ferhuze Van Beukering nei Amsterdam. Frou Van Beukering wurdt tongersdei kremeard.