Miljoeneskea foar binnenfeart

24 aug 2013 - 08:57

Nederlânske binnenfeartskippers hawwe miljoenen skea, as Dútske slûswachters trochgean mei aksjes. De slûswachters protestearje tsjin de reorganisaasje dy't de Dútske oerheid trochfiere wol by de farweitsjinst yn dat lân. Dêrby komme mooglik 3000 fan de 12000 banen faai te stean.

De binnenfeartskippers, ek Fryske skippers, rinne bot fertraging op troch de aksjes, dy't mooglik oant septimber holden wurde. Neffens wurdfierder Popke Hoornstra fan 'e Lemmer moat der gau in ein komme oan de aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)