'Terpstra earder foar Almere'

Terpstra earder by it yn ûntfangst nimmen fan hantekens foar Thialf © ANP
KNSB-foarsitter Doekle Terpstra moat him woansdei ferantwurdzje foar de lederied fan it reedridersbûn. Oanlieding foar de byienkomst is dat Terpstra yntern al lang akkoart gien wêze soe mei in nije iisbaan yn Almere, wylst er nei bûten ta sein hat dat it rapport dêr't yn keazen wurdt foar Almere, net doocht. De KNSB-bestjoerder soe dêrmei Fryslân en Thialf falske hoop jûn hawwe.
Terpstra soe him neffens it AD benammen drok makke hawwe hoe't er it beslút om foar Almere te kiezen, ferdigenje moast by it Fryske KNSB-bestjoer.