Sânpaad krijt namme: Ekkelreed
Nei ieuwen hat it sânpaad by Mûnein offisjeel in namme: de Ekkelreed. Freedtejûn is it boerd ûntbleate. It doarp is sels mei it inisjatyf kommen yn it ramt fan it boargerinisjatyfprojekt fan 'e gemeente Tytsjerksteradiel. Sawat alle ynwenners fan Mûnein hawwe deroer meipraat.
Oan it offisjele momint gie in hurdrinwedstriid foar bern foarôf. De fjouwer winners mochten it boerd ûntbleatsje.