De Emigrant nei Kanada

23 aug 2013 - 20:30

De foarstelling 'De Emigrant' sil yn septimber en oktober opfierd wurde yn Ontario, Kanada. Dêr wenje in protte emigrearde Friezen, harren bern en bernsbern. De Frysktalige foarstelling krijt dêrom in Ingelsktalige boppetiteling. De Emigrant - mei yn de haadrol Freark Smink - is in foarstelling fan de Fryske produksjemaatskippij Pier21, dy't teater yn binnen-en bûtenlân meitsje wol. Pier21 is yn Kanada in loads op Nova Scotia, dêr't ymmigranten fan 1928 ôf oan wâl kamen. It is no it nasjonaal museum foar ymmigraasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)