Tsjûgen sede-ynsidint socht

Plysje-embleem © ANP
De plysje siket twa tsjûgen dy't mooglik wat fertelle kinne oer in sede-ynsidint, ferline wike tongersdei yn Harns. In 38-jierrige man út België hat doe in frou oantaaste. Earder waard sein dat dat yn in restaurant oan de Foarstrjitte wie, mar it wie yn in outletstore yn dyselde strjitte. Neffens it slachtoffer betaaste de man har en besocht er har te tútsjen.
De plysje siket no in man en in frou dy't ek yn de winkel wiene en mooglik wat fan it ynsidint sjoen ha. Se kinne har melde by de plysje yn Harns.