Twifelgefallen by Cambuur

Michiel Hemmen, Mohammed El Makrini en Wout Droste binne twifelgefallen by Cambuur foar de útwedstriid sneon tsjin FC Zwolle. Hemmen hat freed foar it earst wer meitraind mei de seleksje. Hy rûn ferline wike yn de wedstriid tsjin FC Grins in ljiskblessuere op. El Makrini hat lêst fan de boppefoet en Droste fan in kûtblessuere. Sneon wurdt besjoen oft de trije spylje kinne.
De rest fan de seleksje is fit. Proefspiler Stefan Savic hat in goeie earste yndruk makke. De technyske stêf trunet der op oan de Eastenriker langer op proef te hâlden.