Startersliening fan De Wieren

Wenningstifting De Wieren komt mei in eigen startersliening. Sa wol de Snitser wenningstifting de wenningmerk wer op gong helpe. Neffens direkteur Heikema van der Kloet fan De Wieren slagget it minsken dy't op it stuit yn in hierwente sitte net om in eigen wente te keapjen. Derom bliuwe se yn har hierwente en komt der gjin romte foar nije minsken op de hiermerk.
Om dat probleem op te lossen wol De Wieren minsken no helpe mei ekstra jild. As se de finansiering by de bank net rûn krije kinne, dan kinne se by De Wieren telâne.
It bedrach dat se fan De Wieren liene kinne is maksimaal 20 persint fan it oankeapbedrach.