NK-skânzen lizze op rekôrkoers

Fiere sprongen tongersdeitejûn yn Polsbroekerdam. De Fryske topljeppers trainden dêr as tarieding op it NK fan sneon. Foaral ek om te wennen oan de skânzen, dy't bot ferskille fan de Fryske barten. Fanwege de feangrûn is in betonnen fundearring pleatst, dêr't in izeren konstruksje opset is mei dêrop in houten barte. De oanrin fan de ljeppers sit sa mear as oardel meter boppe de grûn.
Nard Brandsma en Hans Ulco de Boer ljepten rjochting de 20 meter. Bart Helmholt gie sels oer de 21 meter. It NK begjint sneontemiddei om twa oere.