Bedriging nei spul oer stront

23 aug 2013 - 10:53

De plysje hat tongersdei yn Balk fjouwer minsken oanhâlden fanwege mishanneling en bedriging. In man en in frou út Balk bellen de plysje, omdat de fjouwer harren mei in mes bedrige hawwe soene. Ek soene se de man mishannele hawwe. Earder op de dei hiene de slachtoffers mei in noch ûnbekende frou spul oer hûnestront.

Letter stiene der by harren fjouwer minsken op de stoepe. Dy minsken hat de plysje letter op ferskate plakken weromfûn. It giet om trije Balksters (28, 35 en 47 jier) en in man út Snits (35). Ien fan harren is wer frijlitten.

De oaren sitte noch fêst yn ferbân mei fierder ûndersyk yn dizze saak.

Trefwurden: 
mishanneling mes Balk bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)