Plysje fynt himp yn it mais

23 aug 2013 - 10:31

De plysje hat tongersdei in himpaksje hâlden yn de Stellingwerven. De aksje wie fral rjochte op minsken dy't bûtendoar himp ferbouwe. De plysje fûn hûndert himpplanten yn in maisfjild by Waskemar. De plysje trof ek planten oan yn achtertunen yn Haulerwyk en Makkingea. Alle planten binne yn beslach nommen en ferneatige.

In bewenster (28) fan it hûs yn Haulerwyk, dêr't de plysje planten yn de achtertún fûn, waard meinommen nei it buro foar ferhoar. Sy is yntusken wer frij. De frou is in transaksje oanbean troch it Iepenbier Ministearje.

De plysje fûn de himpplanten mei help fan earder makke loftfoto's. De plysje fûn ek noch 21 himpplanten yn in maisfjild yn Nijhoarne.

Trefwurden: 
himp Eaststellingwerf mais
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)