Lemsters besykje AED te rôvjen

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
Twa 17-jierrige jonges fan De Lemmer binne tongersdeitenacht troch de plysje oanhâlden. Sy soene in plantebak en in AED fernield hawwe op it Boargemaster Krijgerplein. Tsjûgen warskôgen de plysje. Dy koe de twa oanhâlde. De jonges wurde ek fertocht fan it stellen fan de AED by de húsartsepost.
De jonges binne nei it plysjeburo brocht om heard te wurden. Der wurdt proses-ferbaal tsjin harren opmakke.